Bibliografy

fan de Fryske Taal- en Literatuerwittenskip

Dit is de site mei de nije Bibliografy fan de Fryske Taal- en Literatuerwittenskip(BFTL). De BFTL wurdt byhâlden troch de Fryske Akademy en Tresoar, Frysk histoarysk en letterkundich sintrum. De BFTL is yn 1970 út ein set en ferskynde mei de Bibliografy fan de Nederlânske Taal- en Literatuerwittenskip yn boekfoarm. It lêste diel, oer de jierren 1999-2001, ferskynde yn 2003. De fernijde BFTL jout titels oer Fryske taal- en letterkunde út it tiidrek 1940 oant no ta (gjin primêre literatuer alsa). De site is op dit stuit yn in oergongssituaasje. Wat it uterlik dêrfan oangiet, sil mooglik noch ien en oar feroarje. De redaksje fan de BFTL bestiet út Jelle Krol, Reinier Salverda en Willem Visser. De meiwurkers binne Gosse Blom en Aly de Boer. Mochten jo fragen hawwe, dan kinne jo dy rjochtsje oan AlydeBoer@Tresoar.nl

zoeken
     Help bij het zoeken.