Bibliografy fan de Fryske Taal- en Literatuerwittenskip - BFTL

Bibliografy fan de Fryske Taal- en Literatuerwittenskip - BFTL

Yn de Bibliografy fan de Fryske Taal- en Literatuerwittenskip steane beskriuwingen fan boeken, artikels út tydskriften en boeken, off-line en on-line elektroanysk materiaal op it mêd fan de Fryske taal- en literatuerwittenskip. Dêr hearre fansels ek Nederlânske enbûtenlânske publikaasjes by. Oan de beskriuwingen binne trefwurden, en earder ek systematyske koades, taheakke.

De tiidrekken 1940-1945 en 1960-2001 binne folslein ûntsletten, ek yn printe foarm. It tiidrek 1946-1959 is noch net ûntsletten, dat fan 2002-2007 foar in diel. It online bestân sitte in lytse 15.000 beskriuwingen yn.

De ferantwurding fan de BFTL en in oersjoch fan de earder brûkte systematyske koades mei de omskriuwing binne yn printe likegoed as yn elektroanyske foarm beskikber.

De BFTL wurdt gearstald troch in redaksje, dêr't Tresoar – it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum – en de Fryske Akademy beide yn fertsjintwurdige binne.

De redaksje fan de BFTL kinne jo oer de mail en oer de tillefoan berikke:
mailadres: a.deboer@tresoar.nl (Aly de Boer)
tillefoannûmer: 058-7890748.